Sikehûs lilk op Konsumintebûn

09 okt 2009 - 11:07
  • Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum

Sikehûs De Sionsberg yn Dokkum is lulk op it Konsumintebûn. Dat hat in ûndersyk dien nei de kwaliteit fan boarstkankeroperaasjes yn Nederlân en dêr komt de Sionsberg net goed út.

Neffens it Konsumintebûn bliuwt it Dokkumer sikehûs achter op de rest om't se te min fan sokke operaasjes útfiere. De Sionsberg is dêr bot fernuvere oer om't se sels boarstkankeroperaasjes as ien fan de spearpunten sjogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)