Lestige jonge oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat ôfrûne nacht op it Ruterskertier yn Ljouwert in 18-jierrige ynwenner fan Hurdergaryp oanholden foar mislediging. De jonge begûn sûnder oanlieding twa surveillearjende plysjes út te skellen. Dêrop waard er oanholden.
De jonge fersette him bot en waard yn de boeien slein. Hy waard oerbrocht nei it buro en foar fierder ûndersyk ynsletten.