Ungelok troch kastanjesmiters

© Omrop Fryslân
In frou fan 23 jier út Swolle is tongersdei ferwûne rekke by in oanriding yn Koatstertille. In frachtweinbestjoerder ried oer de Koaten doe't er skrok fan in kastanje dy't troch twa jonkjes fan 8 en 9 jier tsjin it portier oansmiten waard. De man trape fol op de rem en kaam mei blokkearjende tsjillen ta stilstân.
De frou út Swolle ried achter de frachtwein en koe net mear op 'e tiid remje. Se knalde der achterop en rekke ferwûne oan nekke, boarst en each.