Frou dea troch poddestuollen

09 okt 2009 - 10:27
  • In poddestoel yn it Lauwersmargebiet

De 56-jierrige Maria van Leeuwen út Zoutkamp is ferstoarn nei it iten fan giftige poddestuollen. Se hie de poddestuollen socht yn it Lauwersmargebiet. De frou ferstoar moandeitenacht yn it sikehûs yn Grins. Nei it iten fan de poddestuollen waar de frou slim siik.

It wurdt noch ûndersocht hokker poddestuollen de frou iten hat. Boskwachter Jan Willems fan it Lauwersmargebiet hat dit yn 30 jier noch noait meimakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)