Man slacht swan dea

09 okt 2009 - 10:22

De plysje hat tongersdei mei sechtich Burgernetdielnimmers socht nei in man dy't yn it Griene Stjer-gebiet in swan oanfallen wie mei in stôk. In kuierder seach dat de man mei de stôk op it bist ynsloech. De swan oerlibbe de mishanneling net. De tsjûge belle de plysje. Dy begûn in Burgernetaksje.

Mei sechtich minsken waard socht nei de man. Yn de Griene Stjer trof de plysje in man oan dy't foldie oan it sinjalemint. Hy hie lykwols neat te krijen mei de bistemishanneling.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)