Foarljochting militêr piloat

08 okt 2009 - 15:26
  • Jongeren stappe yn de kokpit

By de fleanbasis yn Ljouwert binne tongersdei en freed Vlieger-infodagen. 600 jongeren wurde foarljochte oer it berop fan militêr fleaner. De belangstelling is grut. Twa wike lyn waard de ynskriuwing al sletten.

De loftmacht siket takom jier 54 nije piloaten. De seleksje is swier, kandidaten moatte fit wêze en ek psychysk it wurk oankinne. Mar ien op 32 komt troch de seleksje. De jongeren krije ynformaasje, mar kinne ek F16's en helikopters fan tichtby besjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)