Stroetinga miskien Kazak

Arjan Stroetinga wurdt mooglik Kazak (foto: Martin de Jong)
De Fryske maratonreedrider Arjan Stroetinga wol as Kazak besykje om oan de Olympyske Winterspelen mei te dwaan. Hy rjochtet him dan op it ûnderdiel ploege-achterfolging.
De opmerklike stap fan Stroetinga folget op in fersyk fan syn coach Jillert Anema. Dy frege de leden fan it BAM/Renault maratonteam in pear moanne lyn wa't sin hie om op it Kazaksk paspoart mei te dwaan oan de Olympyske Spelen.