Dûmny Blije frijsprutsen

© Omrop Fryslân
In eardere dûmny út Blije is troch de rjochtbank frijsprutsen fan ûntucht. De man waard derfan fertocht yn it ferline syn nichtsje misbrûkt te hawwen. Neffens de rjochtbank is dêr net genôch bewiis foar.
De rjochtbank fynt dat de man wol skuldich is oan it mishanneljen fan syn frou. Dêr krijt er lykwols gjin straf foar, omdat er neffens de rjochtbank al genôch straft is. Troch de fertinking fan ûntucht ferlear de man ûnder oare syn wurk.