Draverij Wolvegea ûnwis

08 okt 2009 - 14:55

De rjochtbank fan Den Haach hat tongersdei de surseânse fan betelling fan de Nederlânske Draf-en Rensport, de NDR, ferlingd oant juny 2010. De NDR frege begjin juny dit jier útstel fan betelling oan om't de organisaasje yn grutte finansjele problemen sit.

Neffens bewâldfierder Christiaan Mensink kin de NDR no begjinne mei it útfieren fan in rêdingsplan. Dat plan hâldt ûnder oare yn dat drafbaan Duindigt yn Den Haach en de drafbaan yn Wolvegea ferkocht wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)