Frijspraak brân Sint Anne

© Omrop Fryslân
In 19-jierrige man fan Sint Anne is troch de rjochtbank frijsprutsen fan brânstifting. Hy waard fertocht fan it feroarsaakjen fan brân yn sportkompleks De Waaie yn it doarp. Dat baarnde yn juny folslein ôf.
Neffens de rjochtbank is der net genôch bewiis dat de man skuldich is oan de brân. Wol is er feroardiele foar it stellen en yn 'e brân stekken fan twa frachauto's, ek yn Sint Anne. Hy hat dêrfoar sechtjin moannen sel krigen, wêrfan acht ûnder betingst.