Bussen tusken Snits en Starum

© Omrop Fryslân
De kommende wiken ride der gjin treinen mar bussen tusken Snits en Starum. Dat komt omdat der dan oan dat stik spoar wurke wurdt. Ek wurde der eksplosiven opromme by Hieslum. It wurk begjint op sneon 17 oktober en duorret oant en mei freed 30 oktober.
De bussen stean foar de ferskate stasjons op it trajekt. Se dogge der op syn meast in healoere langer oer as de trein. De treinen tusken Ljouwert en Snits ride wol gewoan.