V. Nieuwstadt skoft útskeakele

© Omrop Fryslân
SC_Cambuur-ferdigener Jos van Nieuwstadt is fjouwer wiken útskeakele mei in skuorke yn de hamstring. De ferdigener makke ferline wike tsjin Eindhoven syn debút, mar foel blessearre út. Ek Robert van Boxel, Nuelson Wau en Randy Rustenberg kinne freed net spylje tsjin Veendam.
Mark de Vries, Leon Hese en Sander Fischer trainden wol mei de seleksje en binne ynsetber. Sy komme werom fan in blessuere. Trainer Stanley Menzo woe noch neat kwyt oer de opstelling.