Kooyenga Groep bestiet 15 jier

De bruorren Kooyenga
De Kooyenga Groep út Dokkum bestiet fyftjin jier. Dat wurdt freed fierd mei in grut feest yn Haarlem foar alle 500 meiwurkers. De Kooyenga Groep detasjearret minsken by gemeenten. Se dogge it sa goed, dat se miljonêr binne.
Romke Kooyenga hat it bedriuw oprjochte en wie altyd it gesicht. Mar om't broer Harry syn rol hieltyd grutter wurdt, dogge se no beide it wurd.