Baneprojekt by Caparis

© Omrop Fryslân
Yn it Abe Lenstrastadion op It Hearrenfean is tongersdei in projekt úteinset om meiwurkers fan Caparis oan in gewoane baan te helpen.
By Caparis wurkje in soad minsken dy't in handicap hawwe of yn ferbân mei oare omstannichheden net gewoan wurk dwaan kinne. In part fan har wol wol graach gewoan wurk dwaan. Yn alle gefallen 18 meiwurkers dogge mei oan it nije projekt.