Plakette foar Harnzer strân

It strân fan Harns heart by de skjinste strannen fan Nederlân. Dat is it oardiel fan de ANWB. It strân fan Harns hat de heechste wurdearring fan mar leafst fjouwer stjerren krigen. Dêrby krige it foarige wike ek noch in plakette fan de direkteur fan de ANWB oerlange.
Tongersdei skroeve wethâlder Frans Zomers de plakette njonken de doar fan paviljoen 't Zilt oan it strân.