Huzeferkeap sakket noch

Noch gjin ferbettering wenningmerk
It giet yn Fryslân noch net goed mei de huzeferkeap. Dat docht bliken út de tredde feansjiersifers fan de NVM fan dit jier. Yn fergelyk mei in jier lyn waarden yn Fryslân 15 persint minder huzen ferkocht.
Yn it noarden fan de provinsje binne de prizen fan de huzen yn trochsneed mei 1 persint omheech gien, wylst mear yn it suden fan Fryslân de prizen mei 4 persint sakke binne. Dat hat neffens de NVM te krijen mei in grutter tal djoerdere huzen yn dy regio.