Amper tips foar besunigings

© Omrop Fryslân
De earste brainstoarmsesje fan de provinsje oer de oanpak fan takomstige besunigings is op in teloarstelling útrûn. Woansdei kamen ferskate maatskiplike organisaasjes en Fryske gemeenten byelkoar om te praten oer wat de provinsje dwaan moat om 30 miljoen te besparjen. Dat is nedich omdat Fryslân koarte wurdt troch it Ryk.
De útkomst wie teloarstellend, der kamen amper goeie tips. De measte sprekkers fregen sels om mear jild.