Fryslân krijt Grinslanner grûn

© Omrop Fryslân
Fryslân wurdt in bytsje grutter en Grinslân in bytsje lytser. De provinsje Grinslân en de gemeente Gruttegast geane akkoart mei it ynleverjen fan 1 hektare grûn oan Fryslân. It giet om in hoekje grûn by Strobos yn de gemeente Achtkarspelen.
De wiziging is ynsteld, omdat de grins no troch it Van Starkenborghkanaal rint en dat kin ûndúdlikheid jaan oer de ferantwurdlikheid by kalamiteiten. Der wenje op dit hoekje grûn gjin Grinzers, dy't no ynienen Friezen wurde.