Twadde winst Hajé Flyers

07 okt 2009 - 22:35

De Hajé Flyers ha woansdeitejûn de twadde winst yn de bekerkompetysje helle. Op it iis fan Thialf waarden de Grinzer Grizzlies mei 10-1 ferslein. De perioadestannen: 2-1, 4-0 en 4-0.

Grins kaam yn de sânde minút op foarsprong, mar dat soe ek de iennichste skoare fan de ploech wêze. Paul Vincent wie mei trije treffers de topskutter by de Feansters. Yn de lêste perioade tilde it op fan de straffen. De Flyers krigen 51 minuten, de Grizzlies 49 strafminuten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)