Drachtster Rinus is nije stjer

Rinus hat in ynternethit mei Hey Marlous
De nijste sensaasje op ynternet komt út Drachten. It giet om sjonger Rinus Dijkstra (39). Koartlyn makke hy it nûmmer 'Hey Marlous'. It is in oade oan sjongeres Marlous út Assen. De fideoklip waard op ynternet set en is ûnferwachts oppikt troch lanlike media.
De lêste dagen is it ferske al mear as 40.000 kear besjoen op webside YouTube. Tiisdei waard it fertoand yn it televyzjeprogram 'De wereld draait door'.