Ungelok op de Wâldwei

Ungelok op de Wâldwei (foto: Robert Jan Boonstra)
By in ûngelok op de Wâldwei binne woansdeitemiddei twa minsken ferwûne rekke. Trije auto's klapten tusken Drachten en de ôfslach nei Nyegea troch noch ûnbekende oarsaak op elkoar. Twa auto's sloegen dêrby oer de kop.
Ien fan de slachtoffers is nei it sikehûs yn Drachten brocht, de oare nei Ljouwert. De auto's wurde fuortsleept troch in bergingsbedriuw. De plysje giet der fan út dat de dyk foar de spits wer frijjûn wurde kin.