Ferlet fan minsken foar TSO

Der is ferlet fan frijwilligers foar de tuskenskoalse opfang
Der driget in tekoart oan frijwilligers by de TSO. Sûnt skoallen ferplichte binne om bern tusken de middei op te fangen, wurdt de fraach nei oerbliuwmemmen grutter. It ferlet fan de tuskenskoalse opfang wurdt grutter om't mear minsken mei bern wurkje wolle.
Woansdei wie yn Drachten it earste Fryske TSO-kongres. De frijwilligers waarden yn it sintsje set. Foar de TSO krije minsken gjin fergoeding.