Tefreden oer opkomst aksjes

Aksjes om de pensjoenleeftiid
Yn Ljouwert wiene sawat 400 minsken oanwêzich by de aksje tsjin it ferheegjen fan de AOW-leeftiid fan 65 nei 67. Ek op It Hearrenfean en yn Snits wiene sokke aksjes. Op It Hearrenfean wiene in lytse 200 minsken en yn Snits sa'n 135.
De aksjes yn Fryslân wiene ûnderdiel fan in lanlike manifestaasje fan it fakbûn. Fakbûnsbestjoerders sprutsen de minsken ta en fierder wiene de muzikale optredens. It fabûn FNV is tefreden oer de opkomst.