Wurk foar allochtoane froulju

07 okt 2009 - 12:44
  • Wethâlder Sluiter op de manifestaasje

De gemeente Ljouwert hat in banemerk opset foar allochtoane froulju. De merk wie woansdei yn it Cambuurstadion. Inkele hûnderten froulju kamen der op ôf.

De namme fan it projekt is Duizend-en-één-kracht. Doel is de yntegraasje fan de allochtoane froulju te ferbetterjen. Der moatte goed 250 allochtoane froulju oan in baan holpen wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)