Dijkstra út Koudum is fallyt

Dijkstra is fallyt
It oannimmersbedriuw Dijkstra BV yn Koudum is fallyt. In lytse 30 minsken reitsje har baan kwyt. Oarsaak fan it fallissemint is in weromrinnend tal oarders. Dijkstra hâlde him dwaande mei strjitlizzen, túnwurk en ek de oanlis fan jachthavens.
It famyljebedriuw is koartlyn oernaam troch de twa soannen fan de eigner. Kurator van der Meulen tinkt dat it dreech wurdt om in oernamekandidaat te finen. Hij siket út oft it mooglik is om rinnende projekten ôf te meitsjen.