Skea by De Friesland

De Friesland hat sûnder stroom sitten
By De Friesland is foar tûzenen euro's skea ûntstien. De kantine wie moandei oerstreamd troch it wettersysteem fan de ôfwaskmasines. Dat kaam troch in ferstopping yn it rioal. Der ûntstie koartsluting en in grut part fan it bedriuw, wêrûnder it callcenter, siet sûnder stroom.
Minsken koene thúswurkje of op oare plakken by de soarchfersekerder. De steuring wie tiisdei pas oer. Der wurdt noch wurke oan in definitive oplossing fan it probleem.