Sikehûzen taret op gryppandemy

Sikehûzen wurkje gear om klear te wêzen foar gryppandemy
Sikehûzen yn it Noarden binne goed taret op in eventuele gryppandemy. Dat docht bliken út ûndersyk fan it UMCG yn Grins. By in pandemy wurdt in grut berop dien op de kapasiteit fan de Intensive Care ôfdielings en sil tagelyk in protte sikehûspersoniel sels siik wêze.
Neffens it ûndersyk binne der yn de pyk fan de pandemy genôch bêden en is der ek foldwaande personiel om de minsken te behanneljen. De noardlike sikehûzen wurkje goed gear.