Frou pint mei stellen pas

© Omrop Fryslân
De plysje hat in meiwurkster (53) fan in fersoargingshûs yn Ljouwert oanhâlden. Se hie jild fan bewenners fan it tehûs stellen.
De stellerij kaam oan it ljocht doe't in man ûntduts dat mei de pinpas fan syn frou jild opnaam wie, wylst se dat sels net dien hie. De plysje beseach de kamerabylden fan de pinautomaat. De frou waard herkend troch in liedingjaande fan it tehûs. De frou bekende. Se krige in proses-ferbaal en is op non-aktyf steld op har wurk.