Jongerewurkers mear ynsette

07 okt 2009 - 09:46

Yn Wûnseradiel wurdt tenei mear dien om problemen mei jongeren foar te kommen. Dat wol it kolleezje. No wurde jongerewurkers yn de gemeente inkeld ynskeakele by problemen lykas oerlêst.

As de gemeenteried akkoart giet, mei de jongerewurkers no ek tiid besteegje oan it foarkommen fan problemen. Dat soe bygelyks kinne troch de jongeren op te sykjen of troch jeugdsozen te stypjen. De ekstra oeren foar de jongerewurkers kostje goed 17.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)