Skeaklaim VNO by AOW aksjes

06 okt 2009 - 20:45
  • FNV yn aksje

Wurkjouwersorganisaasje VNO-NCW Noard stapt nei de rjochter as bedriuwen woansdei skea ha troch aksjes fan it fakbûn FNV. Dat seit foarsitter Lambert Zwiers. Fakbûn FNV fiert woansdei aksje tsjin de ferheging fan de AOW-leeftiid fan 65 nei 67 jier.

By fersekerder AEGON yn Ljouwert stiet in grutte aksjetinte, dêr't wurknimmers fan de omlizzende bedriuwen yn har middeisskoft terjochte kinne. Ek yn Snits en op It Hearrenfean binne manifestaasjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)