Fergees mei de bus nei de stêd

06 okt 2009 - 20:04

Reizgers kinne yn de moannen novimber en desimber alle sneonen fergees mei de bus yn Ljouwert. De gemeente docht dit oanbod om de parkearproblemen op drokke dagen op te lossen.

Yn ferbân mei de bou fan it nije Frysk Museum kin de parkeargaraazje ûnder it Saailân foarearst net brûkt wurde. De parkearterreinen by it stasjon, de Ljouwerter Krante en Achmea wurde yn de twa lêste moannen ek wer beskikber steld. De gemeente betellet 75.000 euro foar de fergese bussen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)