Earste peal foar nije Wingerd

Yn Damwâld is tiisdei de earste peal slein foar De Wingerd, in skoalle foar tige dreech learende bern. Omwenners hawwe lange tiid protesteard tsjin de omfang fan de nijbou.
Sa protestearre ien buertbewenster tsjin it feit dat har útsicht bedoarn waard. De rjochter hat alle beswieren lykwols ôfwiisd. Neist in skoalle komt der ek in bernedeisintrum en bûtenskoalse opfang yn De Wingerd. De nijbou kostet mei-inoar sa'n 8,5 miljoen euro.