Amelân:1000 printers opromme

06 okt 2009 - 12:21

De gemeente Amelân hat oant no ta al sa'n tûzen printers opromme. De printers komme út de konteners dy't snein fan in skip Navi Baltic slein binne, en leine op it strân by peal 8.

De printers binne net mear te brûken omdat se yn it sâlte wetter lein hawwe. De ferpakking is oantroffen op Skiermûntseach. De inketpatroanen lizze al op de Grinslanner kwelders. Ek driuwe der stofsûgers nei de eilannen. Fjouwer fan de njoggen konteners binne noch poater.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)