Dokterswacht hannelet fluch

06 okt 2009 - 11:17

Dokterswacht Fryslân rint foarop by it flot ôfhanneljen fan tillefoantsjes foar help. Mear as de helte fan 'e assistinten dy't de tillefoan opnimme hat dêr yntusken in swiere oplieding foar dien. Yn jannewaris hat acht op 'e tsien it diploma 'triage', sa is de ferwachting.

It diploma is noch net ferplichte, mar dat wurdt it wol. By de oplieding leare de assistintes om te beoardieljen wat der krekt oan de hân is en wat der oanslutend barre moat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)