Bok (PvdA) wol sport-website

PvdA-gemeenteriedslid Tamara Bok
Ljouwert moat in website krije dêr't alles te finen is oer sport. Dat wol PvdA-riedslid Tamara Bok. Op de site soe al it nijs oer sportferienings, útslaggen en in sportkalinder komme moatte. Ek soe der in kollum komme moatte en soene sporters sels ek berjochten pleatse kinne moatte mei bygelyks twitter. It riedslid wol dat de gemeente de plannen útwurket. De kosten fan de plannen en it ûnderhâlden fan de website komme foar rekken fan de BV Sport.