Namme Súdwest-Fryslân favoryt

06 okt 2009 - 10:18

Súdwest-Fryslân is ûnder Boalserters de favorite namme foar de nije fúzjegemeente. Dat docht bliken út in enkête fan it CDA ûnder de ynwenners. De namme Súdwest-Fryslân krige 157 stimmen, de namme Boalsert waard twadde mei 13 stimmen.

Oare nammen dy't neamd waarden binne Westergo, Greidhoeke en De Marren en Greidelân. Súdwest-Fryslân is no noch de wurknamme foar de fiif gemeenten dy't fusearje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)