Man yn eigen hûs oerfallen

De man waard thús yn syn eigen hûs yn Aldlân oerfallen
In 57-jierrige bewenner fan De Wetterbies yn de Ljouwerter wyk Aldlân is moandeitejûn yn syn eigen wenning oerfallen. De man die de doar iepen, nei't der oankloppe waard. In ûnbekende man wrotte himsels yn 'e hûs en bedrige de bewenner mei in mes. De bewenner rekke dêrby ferwûne oan 'e hân.
De oerfaller naaide út mei de beurs fan it slachtoffer. It giet om in smelle, donkere man fan 1.90 meter lang. Hy hie in swarte mûtse op.