Waanders plakt taalstikker

06 okt 2009 - 09:05

Wijnsma Keunsttoffenboulevard yn Dokkum hat de primeur yn Fryslân mei de earste Taalstikker fan de Afûk. Boargemaster Marga Waanders plakte de stikker moandeitejûn op ien fan de tagongsdoarren fan it bedriuw.

De aksje is ûnderdiel fan de Praat mar Frysk-kampanje, dy't bedoeld is om de Friezen mear bewust te meitsjen fan harren eigen taal. Der binne ek stikkers foar it Bilts, Stellingwarfs, Stedsfrysk, Ingelsk, Dútsk en Frânsk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)