Aksje stasjonsgebou Marrum

It eardere stasjonsgebou fan Marrum
Ynwenners fan Marrum fiere sneon aksje foar it behâld fan it eardere stasjonsgebou yn it doarp. Dat stiet al in tal jierren leech en driget te fersuterjen omdat de eigner neat oan ûnderhâld docht. Dy eigner hat plannen om hoareka yn it gebou te begjinnen, mar is dêr noch hieltyd net mei út ein set.
De aksje fan sneon hat in ludyk karakter. Mocht dat gjin effekt hawwe dan driigje de ynwenners it gebou te besetten.