Earste winst jong Hearrenfean

05 okt 2009 - 21:23

Jong Hearrenfean/Emmen hat moandeitejûn de earste oerwinning fan it seizoen behelle. Nei fjouwer kear ferlies waard yn Doetinchem jong De Graafschap mei 2-0 ferslein. Yn de twadde helte makke Pawel Wojciechowski de 0-1 en Steven de Blok de 0-2. Xander Houtkoop wie beide kearen de oanjouwer. Krekt foar de ein moast Wojciechowski mei in reade kaart foar neitraapjen fan it fjild.

Jong Hearrenfean/Emmen is no foarlêst mei trije punten út fiif wedstriden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)