Noch trije konteners fermist

05 okt 2009 - 19:15
  • Ien fan de oanspielde konteners op It Amelân (foto: Persbureau Ameland, Jeanet de Jong)

Fan de njoggen konteners dy't dit wykein boppe de Waadeilannen fan it skip Navi Baltic slein binne wurde noch trije fermist. De oare seis binne yntusken fûn, ûnder oare op in sânplaat by Skiermûntseach en op it strân fan It Amelân.

Op It Amelân binne ek saken út de konteners oanspield. It giet ûnder oare om printers, boartersguod en fytsûnderdielen. Yn de rin fan de wike wurdt besletten oft der noch fierder nei de konteners socht wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)