Ekstra ryksjild foar ûnderwiis

© Omrop Fryslân
Steatssekretaris Sharon Dijksma fan ûnderwiis lûkt in heal miljoen ekstra út foar goed tritich swakke skoallen yn Fryslân. Se skaffe dêrfoar taal- en rekkenmetoades oan. Fierders krije de hegeskoallen NHL en Stenden fan 2010 oant 2012 alle jierren 100.000 euro foar Fryske lessen.
It ministearje wol it tal swakke en tige swakke skoallen ferminderje fan 14 nei 9 % en fan 6 nei 1 %. Dijksma fynt it spitich dat Fryske bern in leger skoaladvys krije as nedich.