Rêding foar Sinteklazemearke

De wolwêzensorganisaasje Welzijn Leeuwarden wol it Sinteklazemearke fan Ljouwert rêde. Ferline wike waard dúdlik dat der nei 90 jier in ein komt oan it mearke. Produsint en regisseur Sandra Franke hâldt dermei op en der is gjin jild foar in betelle krêft. Mar dat is net de iennige reden dat it mearke net trochgiet. Der komme ek minder bern as yn it ferline.
Welzijn Leeuwarden fynt it skande dat oan in lange tradysje in ein komt. Der wurdt no earst oerlein mei de regisseur.