Fee net earder fan pôlen helje

De deade skiep by Ferwert (foto: Henk Postma)
It Fryske Gea hellet de datum dat fee út it bûtendykse lân weihelle wurde moat net nei foaren. Dat stiet no op 15 oktober. Ferline wykein ferdronken 23 skiep troch it hege wetter op 'e pôlen by Ferwert. De natuerorganisaasje oerleit woansdei mei boeren mei fee bûtendyks.
Plannen om de pôlen fan it Fryske Gea by Ferwert feiliger te meitsjen komme net fan 'e grûn. Der is is gjin jild foar. Foar de Biltpôlen wie wol jild om se feiliger te meitsjen.