Mercedes stoot troch De Lemmer

05 okt 2009 - 10:41

By in achterfolging is sneintejûn in Mercedes mei 150 km yn 'e oere troch De Lemmer flein. De bestjoerder joech fol gas by in plysjekontrôle. Hy ried troch read, joech neat om stoptekens en ried tige gefaarlik.

Hieltyd mear minsken kamen om te sjen en dêrom fûn de plysje it te gefaarlik de achterfolging fol te hâlden. De auto waard koarte tiid letter oantroffen oan 'e Lange Streek. De 30-jierrige man dy't derby stie, sei dat er passazjier wie en sels net ried.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)