Manlju oppakt mei ghb
De plysje hat sneintemiddei op It Hearrenfean in 28-jierrige ynwenner fan dat plak en in man fan 25 jier út Wynjewâld oanholden foar drugsbesit.
De twa manlju hiene fjouwer fleskes ghb, trije pûdsjes weed en in papierke mei speed by harren. De fertochten binne meinaam nei it buro en dêr ynsletten.