Earste winst Hajé Flyers

Foto: Martin de Jong
De Hajé Flyers pakten sneintejûn de earste oerwinning fan it seizoen yn de bekerkompetysje. Nei trije ferliespartijen waard op it iis fan Thialf Amsterdam mei 7-2 ferslein. De perioadestannen: 2-0, 2-2 en 3-0. De skoares fan de Feansters wiene fan Andrey Levitin (2), Hans Kroon (2), Michael Nason, Paul Vincent en Jamie Visser.
Woansdeitejûn spylje de Flyers wer thús. Dan is Grins de tsjinstanner.