Kramer wint 20 fan Drachten

04 okt 2009 - 18:06

Mariska Kramer hat snein de 20 fan Drachten wûn yn in tiid fan 1.21,50. Mei de maraton fan Eindhoven yn gedachten gong Kramer net folút. Anneke de Boer fan Nijlân waard op fiif minuten twadde. Inge van Schaick út Ljouwert einige as tredde.

By de manlju waard Rudi van der Lelie út Jobbegea twadde efter Wim Opten fan Súdlaren. Van der Lelie is winner wurden fan it Fryske rinsirkwy. Der wiene yn Drachten 402 dielnimmers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)