SC Hearrenfean spilet lyk

04 okt 2009 - 16:46

Sportklup Hearrenfean is der sneintemiddei net yn slagge om fan VVV Venlo te winnen. Yn it eigen Abe Lenstradion waard it in teloarstellend 1-1 lykspul. Hearrenfean begûn goed oan de wedstriid. Yn de tredde minút krige Gerald Sibon in prima kâns, mar de bal gong der krekt net yn.

Yn de 89ste minút wie it Sandro Calabro dy't VVV op in 1-0 foarsprong sette. Yn de tredde minút fan de ferlinging sette Michal Papadopulos de lykmakker op it skoareboerd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)