Mishanneling yn Berltsum

04 okt 2009 - 15:32

De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein op it Hemmemaplein yn Berltsum trije persoanen oanholden fanwege mishanneling fan in 24-jierrige Berltsumer.

Oanlieding foar de mishanneling wie in misferstân oer in taksybuske, wêrnei't de fertochten, in 24-jierrige Eanjumer en twa ynwenners fan Peazens (19 en 23 jier), it slachtoffer mishannelen. Dizze waard slein en tsjin de holle skopt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)